Nijbouplan op Skiermûntseach

04 feb 2014 - 08:16

Op Skiermûntseach binne plannen presintearre foar de bou fan fjirtjin senioarewenten. Wenningkorporaasje WoonFriesland wol mei de fjirtjin it besteande kompleks De Riich ferfange. Dat foldocht net mear oan de hjoeddeiske easken.

Neffens wethâlder Wiersema binne de bewenners fan Skiermûntseach bliid mei de plannen, mar binne der noch wol fragen oer it bebouwen fan in stik plantsoen neist it kompleks. WoonFriesland besjocht wat der by de fierdere útwurking fan it plan dien wurke kin mei de opmerkings dy't dêr oer makke binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)