Toeristen moat tsjotter sjen

04 feb 2014 - 00:01

De Fryske tsjotter moat folle better sichtber wurde foar de toeristen en bewenners fan Heech. Dêrom moat de bou en reparaasje fan de platboaiems net langer plakfine yn in loads op it yndustryterrein, mar yn in nij skiphûs oan de Hegemermar, midden yn it doarp. Dat is doel fan de Stifting Fryske Tjotter. Op it stuit wurdt der hurd wurke oan de finansiering. It grutste part is binnen, de rest moat binnenhelle wurde mei aksjes. Lykas in tsjotterkalender. Dy wurdt kommende freed presintearre op de beurs Boot Holland yn it WTC yn Ljouwert.

Trefwurden: 
tsjotter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)