Geiteboer slim ferwûne by brân

03 feb 2014 - 22:39

By in grutte brân yn in geitehâlderij oan de Wieldyk yn Murns is moandeitejûn in persoan slim ferwûne rekke. It giet om de boer sels, dy't besocht trije hynders út ien fan de twa brânende stâlen te krijen. Hy is mei swiere brânwûnen nei it sikehûs fan Snits brocht en letter nei Grins. Fan de sânhûndert geiten koe in part rêden wurde. Hûnderten bisten binne stikt yn de reek. De trije hynders hawwe it ek net oerlibbe.

Ien fan de twa stâlen is hielendal útbrând. It fjoer soe ûntstien wêze by de shovel dy't binnendoar stie.

It fjoer ûntstie moandeitejûn om tsien oere. De brânwacht skaalde yn koarte tiid op fan middelbrân nei grutte brân. De korpsen fan Bakhuzen, Koudum, Starum en Snits waarden oproppen. Ferskate brânwachtminsken besochten mei parslucht de stâl yn te gean. In bistedokter kaam nei Murns om de bisten te fersoargjen.

Trefwurden: 
brân Murns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)