Ferbouwing Mar en Klif geande

It nije besikerssintrum fan Mar en Klif yn Aldemardum sil him folle mear rjochtsje op it hiele gesin. Foar alle leeftiden moat der wat te dwaan en te sjen wêze.
Op it stuit wurdt der hurd wurke oan in nije ynrjochting. De ôfrûne tweintich jier is der nea wat feroare. It hiele gebou is de ôfrûne moannen stript en krijt no in folslein nije útstrieling. Der is dan fral te sjen wat yn it Nasjonaal Lânskip Súdwest-Fryslân te finen is. De blikfanger yn it nije besikerssintrum is in útsjochtoer.
De toer is makke troch trije learlingen fan ROC De Friese Poort.