VVD: Soarch oer KH 2018

03 feb 2014 - 20:46

De VVD yn Ljouwert makket him grutte soargen oer de organisaasje efter Kulturele Haadstêd 2018. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan b. en w. trunet de partij derop oan dat der gau in goede managementstruktuer komt, sa't yn it bidbook oanjûn stiet.

Neffens de VVD moat der al op koarte termyn in sterke man of frou komme. De partij hat no sinjalen dat dy der foarearst net komt en fynt dat in minne saak.

By in projekt fan tsientallen miljoenen euro's mei gjin diskusje of ûndúdlikheid wêze oer de organisaasje en oanstjoering, stelle de liberalen yn Ljouwert.

Trefwurden: 
HK2018 Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)