Auto yn 'e sleat by Aldegea

03 feb 2014 - 15:34
  • Auto yn sleat by Aldegea (Sm.)

Op de Alle om Slachte by Aldegea (Smellingerlân) is moandeitemiddei in auto fan 'e dyk rekke en op 'e kop yn in sleat bedarre. De bestjoerder koe sels út de auto komme en rekke net ferwûne. De brânwacht en de plysje waarden út foarsoarch wol oproppen, mar hoegden net yn aksje te kommen.

De Alle om Slachte by Aldegea is in smelle dyk, bûten it doarp. Nei alle gedachten krige de bestjoerder gjin foarrang fan in oare auto dy't op it Nonnepaed ried en bedarre de auto troch in útwykmanoeuvre yn 'e sleat.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)