Keunst fan dakleaze jongeren

Dakleaze jongeren hawwe ûnder lieding fan keunstner Jaap Stevens in keunstwurk makke. Op de pylder steane bylden en tekst, dêr't de jongelju har punt mei dúdlik meitsje wolle. Doel is om minsken ta neitinken te setten oer dakleaze jongerein. Jongelju sûnder fêst wenplak kinne folle mear as se faak dogge, mar dan moatte se dêr wol de kâns ta krije. Der wurdt no tefolle op harren delsjoen.
It keunstwurk stiet in wike lang yn de hal fan it Fries Museum en sil oanslutend op oare plakken yn Nederlân stean, lykas Grins, Den Haach en Amsterdam.