Benzinedieven It Fean oppakt

03 feb 2014 - 12:41

De plysje hat sneintejûn twa benzinedieven oanholden op de Oranje Nassaulaan op It Hearrenfean. De jonges fan 19 jier út It Hearrenfean en Hoarnstersweach hienen benzine stellen út twa auto's dy't parkearre stienen oan De Fortuin.

In bewenster seach ien fan de jonges omspoekjen by har auto. Doe't se nei bûten gong, naaide de jonge yn in auto út. De frou seach dat de benzinedop fan har auto forsearre wie. Se notearre it kenteken fan de flechtauto. Sa koe de plysje it twatal efkes fierderop oanhâlde.

De jonges sitte noch fêst, de auto dêr't se yn rieden is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)