Frou botst tsjin frachtwein

03 feb 2014 - 12:41

In persoane-auto is moandeitemoarn op de A7 by de ôfslach De Jouwer yn botsing kaam mei in frachtwein. De 44-jierrige automobiliste út Aldegea botste by in ynhelaksje tsjin de sydkant fan de frachtwein, dy't bestjoerd waard troch in 35-jierrige man út Bûtenpost. De auto gisele yn 'e rûnte en belâne yn de fangrail. De frou en har freon kamen der lykwols sûnder grutte ferwûnings fan ôf.

Op it plysjeburo die bliken dat de frou dronken hie en boppedat gjin rydbewiis hat. De frou is wer frijlitten, der is proses-ferbaal tsjin har opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)