Ljouwerter koperdief fêst

03 feb 2014 - 12:37
  • Koper

De plysje hat sneintemiddei in 32-jierrige Ljouwerter oanholden foar koperstellerij op in bouterrein oan de Gedempte Keizersgracht yn Ljouwert. Nei in melding fan in tsjûge trof de plysje de man oan op it bouterrein. By in hek dêr't er oerhinne klom wie, lei in stik elektrisiteitskabel.

De man bekende op it buro dat er earder op 'e dei ek al in oar stik kabel stellen hie op itselde bouterrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)