Autodief oanholden yn Jirnsum

03 feb 2014 - 12:35
  • Plysje hâldt autodief Jirnsum oan

In 46-jierrige autodief is sneintemiddei oanholden op de Rykswei yn Jirnsum. De man sûnder fêst wenplak naam in auto mei oan de Foarstreek yn Ljouwert. De eigeneresse fan de auto hie de kaai yn it kontakt sitte litten. Doe't se weromkaam wie de auto fuort.

Fia boargernet waard der in sykaksje start. In tsjûge seach de autodief riden yn Wergea. Hy stapte yn syn eigen auto en sette de achterfolging yn. Fia de tillefoan hold er de plysje op 'e hichte fan de rûte dy't de autodief ried. Sa koe de man úteinlik oanholden wurde. Hy sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)