'Konflikt EVT fan 'e baan'

03 feb 2014 - 12:26

De Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, giet derfan út dat in konflikt mei de gemeente Skylge oer de betelling fan tsientûzenen euro's oan efterstallige toeristebelesting fan 'e baan is. Dat seit Erwin Rob, direkteur fan de EVT.

Neffens him binne de EVT en de gemeente akkoart oer de betelling. Allinnich oer de wize wêrop wurdt dizze wike noch oerlein. Eardere berjochten meldden dat it om in bedrach fan sa'n 70.000 euro gean soe. Mar neffens Rob leit dat bedrach in stik leger, op likernôch de helte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)