Blog: Sotsji, hjir bin ik!

03 feb 2014 - 11:48

Noch in pear dagen en dan is it al safier: de Olympyske Spelen yn Sotsji. Ik, ferslachjouwer Roelof de Vries, bin der by. Trije wiken lang doch ik ferslach fan it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Komme der Friezen yn aksje, dan bin ik derby. Mei myn kamera en mikrofoan sil ik yn it swier befeilige Sotsji besykje reportaazjes te meitsjen. Hast eltse dei komt der wol in Fries yn aksje.

Ik hoopje in soad Friezen te ynterviewen mei in medalje om 'e nekke. Fansels is dêr de grutte favoryt Sven Kramer, dy't allinnich mar goud wol op de 5 en 10 kilometer en de ôflossing. Hy sil de konkurrinsje wol oangean mei Jorrit Bergsma fan Aldeboarn. Mar ek de al jierren yn Fryslân wenjende Ireen Wüst is by de froulju in grutte kânshawwer op goud. Njonken Kramer, Bergsma en Wüst binne der mear reedriders. En eins ha se allegear kâns op in medalje: Jan Smeekens, Antoinette de Jong, Yvonne Nauta, Marrit Leenstra, Carien Kleibeuker en Margot Boer. Fryske coaches binne Jillert Annema en Geert Kuiper. Wopke de Vegt is teammanager by it snowboarden en bobslydzjen. Dêr is ek in Fryske dielnimmer: Sybren Jansma. Ek by it shorttrack medaljekansen foar de Friezen. De grutste troef is Sjinkie Knegt. De Bantegeaster rydt alle ôfstannen. Daan Breeuwsma rydt mei Knegt yn de ôflossing. Rianne de Vries is reserve foar it ôflossingsteam fan de froulju.

Nei de wedstriden wachtsje ik de Fryske dielnimmers op en dat is frij unyk. Ik ha tagong krigen ta de Spelen mei tank oan ROOS. De oerkoepelende organisaasje foar regionale omroppen jout by eltse Spelen in parsekaart oan ien fan de Omroppen. Nei Nagano yn 1998 bin ik dêrmei de opfolger fan Eelke Lok, dy't doe ek meigie. Sadwaande wurkje ik net allinnich foar Omrop Fryslân, mar foar alle regionale omroppen.
Alle dagen bin ik moarns yn Omrop Fryslân Aktueel te hearren en sjoch ik foarút nei it programma fan dy dei. Yn Hjoed en op www.omropfryslan.nl binne myn ynterviews en reportaazjes te sjen. En op dit blog foto's, moaie ferhalen, ynterviews en reportaazjes fanút Ruslân.

Sotsji, Omrop Fryslân is der by!

p.s. Ik bin ek noch te sjen yn Bynt! Oer de tariedings fan myn reis. Sjoch foar de reportaazje hjirûnder.

Gean werom nei de haadside fan ús blog.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)