Nije bylden 11-stêdetocht 1954

03 feb 2014 - 10:59

It Fries Film Archief hat eksakt sechtich jier nei de Alvestêdetocht fan 1954 nije bylden oantroffen. De bylden waarden fûn yn it argyf fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek en binne makke troch sekretaris L.E. Huijing fan it stamboek. De bylden litte net in soad sjen fan de tocht en de finish, mar bringe yn byld hoe't de dielnimmers fan de alvestêdetocht oankomme op it stasjon yn Ljouwert. Ek de ynskriuwing yn hotel De Groene Weide en de drokte by de stimpelposten yn ferskate stêden binne op bân fêstlein.

It Fries Film Archief hat de bylden digitalisearre en op YouTube set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)