Fuotgonger oanriden troch bus

03 feb 2014 - 07:46

In fuotgonger is sneintejûn op de Wythústerwei yn Stiens oanriden troch in bus. De 32-jierrige man út Stiens waard rekke troch de spegel fan de bus. It slachtoffer rûn mei twa oare manlju op 'e stoepe, mar stapte samar ynienen de dyk op. Krekt op dat stuit kaam de bus der oan. De sjauffeur koe sa ga net mear útwike. It slachtoffer is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. De dyk waard tydlik ôfsletten foar it ferkear fanwege dit ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)