Maklike winst UNIS Flyers

02 feb 2014 - 21:57

De UNIS Flyers ha ek de twadde wedstriid fan dit wykein wûn. Sneintejûn waard yn Geleen de thúsploech mei 6-1 ferslein. Brent Janssen, Shawn Collymore, Jade Galbraith en Nick Kuiper wiene foar de Feansters de doelpuntemakkers yn de earste perioade. Geleen sette dêr ien tsjinoer. Yn de twadde perioade waard de einstân al helle troch goals fan Nicky de Jong en Jade Galbraith .

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)