Fryske cheerleaders skoare

De Fryske cheerleaders út Drachtsterkompenije hawwe it snein goed dien yn de earste foarronde fan it NK Chearleading op It Hearrenfean. De Frisian Cheer Ministars wûnen goud mei 105 punten. De froulju fan de Frisian Cheer Stars hellen mei 117,5 punten brûns. Beide ploegen hawwe dêrmei in plak yn de finale fan it NK Cheerleading ferovere op 15 juny yn Utert.
Yn Fryslân is de sport noch net sa populêr as yn Amearika. Dochs timmerje de Frisian Cheer Stars aardich oan 'e wei. Ferline jier waarden de cheerleaders noch Nederlânsk kampioen.