Proses-ferbaal om lokfluit

02 feb 2014 - 16:05
  • Guozzen

Twa jagers hawwe sneintemoarn proses-ferbaal krigen, omdat se gebrûk makken fan in lokfluit. Dêrmei besochten se guozzen te lokjen. Ien en oar spile him ôf yn de greiden by de Sudergoawei yn Drylts. De lokfluit is ferbean by de jacht.

De 73-jierrige man út Garyp en in 46-jierrige ynwenner fan Amersfoort ûntkenden earst dat se de lokfluit brûkt hienen, mar se joegen letter dochs ta dat se de fluit yn 'e reiden dellein hienen. It duo krige in bekeuring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)