'Adoptearje in rotonde'

Bedriuwen kinne yn de gemeente Hearrenfean in rotonde adopteaje. Se moatte dan it ûnderhâld fan de gemeente oernimme en meie as tsjinprestaasje reklamebuorden op de rotonde delsette.
De rotonde-adopsje is in ferfolch op in, neffens de gemeente, súksesfolle proef dy't ferline jier hâlden is. Tsien rotondes komme yn de beneaming. Net-kommersjele partijen kinne ek in bod dwaan. De rotondes moatte minimaal foar in perioade fan trije jier adoptearre wurde.