Passazjier bedriget plysje

Plysje-embleem © ANP
In 54-jierrige ynwenner fan Hallum is sneontenacht oanhâlden, om't er plysje-aginten bedrige en misledige hie. De man siet as passazjier yn in auto dy't de plysje oanhâlde op de Doniawei yn it doarp. De bestjoerster fan de auto moast in blaastest dwaan, mar dat naam de man net.
De sitewaasje wie sa driigjend dat de plysje pepperspray brûke soe, mar safier kaam it net. De man is oerbrocht nei it plysjeburo. De bestjoerster hie gjin alkohol dronken, sa die bliken.