Plysje foar de holle slein

It Ruterskertier yn Ljouwert © Google Street View
In man fan 22 jier út Sint Anne is sneontenacht yn Ljouwert oanhâlden, om't er in plysje foar de holle slein hie. Dat barde op it Ruterskertier. De plysje hie de Bilkert oansprutsen op syn ferfelend gedrach. De man wie sichtber ûnder ynfloed fan drank en drugs.
Mei help fan in portier is de man ûnder kontrole brocht en dêrnei ynsletten. De plysje hat oanjefte dien.