Grinzer slein yn Doelesteech

02 feb 2014 - 10:26

Yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er sûnder oanlieding in 23-jierrige Grinzer slein hat. In portier hie dat sjoen. Hy ferklearre dat de Ljouwerter al langer rûzje socht.

De man is oerbrocht nei it plysjeburo, dêr't er yn in sel de nacht trochbrocht hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)