Aris ferliest fan Leiden

02 feb 2014 - 08:20

Aris hat sneontejûn yn en tsjin Leiden ferlern. De lânskampioen wie mei 80-68 te sterk. De Ljouwerter basketballers bleaunen lang by en koenen yn it tredde kwart sels even de foarsprong nimme. Yn it fjirde en lêste kwart stelde Leiden oarder op saken en wûn de wedstryd. Aris-spiler Nate Healy rûn tsjin in diskwalifisearende fout oan, en dat betsjut dat er de kommende wedstryd misse moat. Healy wie, tegearre mei Darius Theus, wol goed foar de measte Aris-punten.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)