Sulver Bouwmeester yn Miami

© Richard Langdon
Marit Bouwmeester is yn Amearika twadde wurde yn har Laser radial by it wrâldbekersilen. Yn Miami wûn se de ôfslutende medaljerace, mar omdat har grutste konkurrint Paige Railey twadde waard gong de einwinst nei har. Yn de reguliere wedstriden, mar seis omdat der faak te min wyn stie, helle Bouwmeester twa oerwinnings. Railey wûn mar ien kear, mar wie fierder krekt wat konstanter.