Snits ferliest follybaltopper

De follybalfroulju fan Snits hawwe de follybaltopper tsjin Alterno mei 3-1 ferlern. Yn de Snitser Sporthal pakte de nûmer twa fan de earedivyzje út Apeldoorn de earste beide sets mei 25-17 en 25-23. De Snitsers joegen yn de twadde set in 17-13 foarsprong út hannen.
Yn de tredde set sette de ploech fan Petra Groenland in 5-0 efterstân om yn in knappe 25-19 winst. Alterno makke lykwols mei deselde sifers dien wurk yn de fjirde set. VC Snits bliuwt op it tredde plak stean yn de earedivyzje.