Romme winst Harkemase Boys

Harkemase Boys hat sneon goede saken dien mei de 4-0 oerwinning op WHC. Yn Wezep krige Heine Uuldriks foar rêst twa knappe kânsen op de 1-0, mar de spits fersomme te skoaren. Fuort nei rêst hie Uuldriks it fizier wol op skerp en sette er de Harkiten op foarsprong. Mei in tûk hakbaltsje soarge Jordy van Wijk foar de fertsjinne twadde treffer. Arton Musliu makke de 3-0, wêrnei't Van Wijk yn de slotminuten foar de romme oerwinning tekene.
De ploech fan trainer Willem Brouwer stiet no op 34 punten út 16 wedstriden op it twadde plak.
Koprinner ACV ferspile djoere punten troch mei 1-0 te ferliezen fan Apeldoorn. Dêrtroch rint Harkemase Boys trije punten yn op ACV, dat noch altyd oan de lieding giet yn de haadklasse C mei 36 punten.