ONS kânsleas yn Rijnsburg

ONS Boso Snits hat sneon mei 4-0 ferlern fan Rijnsburgse Boys. Yn Rijnsburg begong de thúsploech skerp oan de wedstriid. Goed keeperswurk fan Ivan Landlust foarkaam ferskate kearen de iepeningstreffer foar Rijnsburgse Boys. Chris de Wagt moast der ek oan te pas komme om de 1-0 út it doel te hâlden. Krekt foar rêst wie it dochs raak foar de thúsploech.
Yn de twadde helte smiet Rijnsburgse Boys binnen 5 minuten de wedstriid yn it slot mei twa rappe treffers. Oan 'e ein foel ek noch de fjirde thústreffer.
De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stean op 26 punten út 19 wedstriden.