Tsjerke as kultureel sintrum

01 feb 2014 - 16:06
  • De tsjerke fan Huzum
  • Net alle belangstellenden pasten yn de tsjerke
  • Draaimûne by feestlike iepening kultureel sintrum yn tsjerke Huzum

Under grutte publike belangstelling is sneontemiddei de doarpstsjerke fan Huzum (Ljouwert) as kultureel sintrum wer iepengien. De tsjerke waard ofrûne hjerst ôfstjitten troch de PKN en oernaam troch de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Sawat fjirtich frijwilligers wurkje foar it kultureel sintrum. It feest fan de weriepening is it hiele wykein.

Dêrnei sille geregeld konserten en lêzings hâlden wurde yn de doarpstsjerke.

By de weriepening waard âld-koster Jippe Hoekstra yn it sintsje set. Hy hat 45 jier belangeleas op it monumint past en in soad ûnderhâldswurk dien. De Huzumer doarpstsjerke is njoggenhûndert jier âld en ien fan de âldste monuminten fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)