Help foar ôfbaarnd fabryk

01 feb 2014 - 15:03
  • Fan boppen is de omfang fan de skea goed te sjen

Twa bedriuwen yn Burgum hawwe ferfangende romte oanbean oan it útfeartkistefabryk fan Hoogland dat freed ferlern gie by in grutte brân. It blussen en slopen fan it fabryk is freedtejûn en -nacht trochgien. De strjitte foar it bedriuw is mei stekken ôfset. In befeiligingsbedriuw hâldt tafersjoch. It is noch net bekend wannear't Hoogland op in oar plak wer begjinne kin mei it meitsjen fan kisten.

De brân ûntstie yn de spuiterij fan it fabryk, nei alle gedachten troch steuring yn in diselkachel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)