Friezen yn file by Weissensee

Hûnderten Friezen steane mei syn allen yn 'e file op it smelle tagongsdykje nei de grutte dyk by de Weissensee yn Eastenryk. Om it gebiet út te kinnen, moat it ferkear oer in berch. Dat berchdykje is op dit stuit sniefrij makke, mar om't eltsenien manmachtich yn 'e auto stapt om fuort te kommen, stiet it ferkear no fêst.
Sneontejûn en snein wurdt op 'e nij in soad snie ferwachte yn it gebiet. Dêrom besiket eltsenien sa gau mooglik nei hûs te gean. It gefolch is in ferkearsgaos mei tûzenen auto's dy't mar krûpendewei foarút komme.
Fanwege de sniefal waard earder al de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee ôfsein. Ien fan de Friezen dy't yn 'e file stiet is Paul Olijve út Bûtenpost. Hy docht elts oere ferslach fan syn weromreis.