NHL helpt Ronald McDonaldhûs

10 feb 2012 - 20:34

Tritich studinten fan in kommunikaasje-oplieding fan de NHL yn Ljouwert betinke as ûnderdiel fan har stúdzje in kampanje om nije sponsors te finen foar it Ronald McDonaldhûs yn Beetstersweach. Yn dat hûs kinne âlden mei har sike of handikapte bern op fakânsje. Dat wurdt hielendal betelle troch donateurs en sponsors. De NHL-studinten sil earst merkûndersyk dwaan. Dêrnei moatte se in nije wize fine om sponsors te finen. Uteinlik moatte de studinten har kampanje presintearje oan in sjuery. Yn april wurde de winnende plannen bekendmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)