Kuiertocht tsjin gasboarrings

In groepke fan sawat fyftjin Friezen is sneontemoarn fan Akkrum nei it gasferdielstasjon yn Aldeboarn rûn. It groepke die dat om Grinslanners dy't skea hawwe troch de gaswinning, te stypjen. It inisjatyf foar de tocht komt fan âld-sjoernalist Kerst Huisman.
Under de kuierders wiene benammen oanhingers fan de FNP. De tocht einige mei it lizzen fan blommen by it gasferdielstasjon by Aldeboarn.