NCPN: Taslaggen foarsjitte

01 feb 2014 - 11:43
  • Jild

De fraksje fan de NCPN yn De Fryske Marren wol dat de gemeente ynwenners helpt dy't yn swierrichheden komme omdat de Belestingtsjinst taslaggen te let útbetellet. Neffens de kommunistyske partij soe De Fryske Marren de minsken in liening jaan moatte. Dat soe dan fia de bystân regele wurde moatte.

Mocht de liening in feit wurde, dan moat der in soad publisiteit oan jûn wurde, sadat de minsken it te hearren krije, is de NCPN fan betinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)