De Rouwe: debat oer EVT

01 feb 2014 - 10:32

It Fryske CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe wol útlis fan steatssiktaris Wilma Mansveld oer de EVT. Tongersdei besleat it gerjochtshôf dat de feartsjinst gewoan gebrûk meitsje mei fan de havens op Skylge en yn Harns. Earder hie de steatssiktaris bepaald dat dat net mei. De Rouwe wol no fan Mansveld witte wat der misgong is.

Ek wol er dat de belutsen partijen lykas de gemeenten, EVT en Doeksen sa gau mooglik om tafel gean. Sa moat fierdere ûnrêst op de eilannen foarkaam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)