Friezen Weissensee noch fêst

01 feb 2014 - 10:18

Friezen dy't op dit stuit by de Weissensee yn Eastenryk binne, hawwe noch gjin dúdlikens oer wannear't se nei hûs kinne. Om it gebiet út te kinnen, moat ferkear oer in berch. Dy is op dit stuit amper te begean, mei omdat der lawinegefaar is. Mooglik kin der sneon noch ôfreizge wurde, mar dat kin ek snein of letter wurde.

Neffens Friezen yn it gebiet is de stimming ûnder de riders noch goed en is der ek noch genôch te iten. Fanwege de sniefal waard earder al de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee ôfsein.

Trefwurden: 
Weissensee snie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)