Snitser smyt mei flesse

01 feb 2014 - 10:25

De plysje hat freedtejûn in 16-jierrige Snitser oanhâlden foar balstjurrichheid. De jonge hie tsjin de gevel fan in hûs oan de Balthuskade in flesse stikkensmiten. De bewenner, dy't wol faker mei fernielings konfrontearre wurdt, koe de gegevens fan de goaier achterhelje. De plysje koe de jonge oanhâlde en ynslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)