Himpknippers oanhâlden

© ANP XTRA
Yn in wenning oan de Giekerkstrjitte yn Ljouwert binne freedtemiddei fjouwer himpknippers oanhâlden. De plysje wie alarmearre fanwege in sterke himpgeur yn de strjitte. Yn de wenning waarden in 32-jierrige en in 43-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden en twa ynwenners fan Den Haach fan 17 en 19 jier.
Yn it hûs wie in kwekerij dêr't de planten krekt troch de fjouwer fan knipt wiene. Der hienen sawat santich planten stien.