Drankrider oanhâlden

01 feb 2014 - 09:38

In ynwenner fan Droegeham moast freedtenacht syn rydbewiis ynleverje omdat er mei drank op achter it stjoer siet. De 24-jierrige man ried op de Tsjerkebuorren yn Twizel. De plysje hâlde him oan. Nei in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie. Hy krige in proses-ferbaal en in rydferbod. It CBR sil besjen oft de man in alkoholslot krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)