Taslach lytse skoallen bliuwt

De taslach foar lytse skoallen bliuwt bestean. Dat hat it kabinet besletten. It plan wie dat de finansjele fergoeding foar lytse skoallen stap foar stap ôfboud wurde soe. Yn it plak dêrfan soe der in bonus komme foar skoallen dy't de gearwurking sykje. Foaral de ChristenUnie en de SGP wienen tsjinstanner fan it ferdwinen fan de taslach.
Yn Fryslân wie ûnrêst ûntstien troch it plan fan steatssekretaris Dekker om de taslach te skrassen.