Kompensaasje tekoarten bystân

31 jan 2014 - 20:27

De gemeente Ljouwert krijt fan it ministearje fan Sosjale Saken kompensaajse foar de strukturele tekoarten op de bystânskútkearings. Foar 2013 giet it nei alle gedachten om in bedrach fan sa'n 3,9 miljoen. It tekoart yn Ljouwert is mei feroarsake troch de wize wêrop it budget foar de Wet Wurk en Bystân oer de gemeenten ferdield wurdt. Hjirby waard gjin rekken holden mei de goedkeape keapwennings en de studinten yn de stêd.

It ministearje hat in plan opsteld om it tal ûnterjochte bystânsútkearings en de jeugdwurkleazens omleech te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)