Tjongerschans yn de prizen

Sikehûs Tjongerskâns It Hearrenfean
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean hat tongersdei de Veiligvoedsel Award wûn foar bêste sikehûs en bêste soarchôfdieling. Mei de prizen wol de stichting Veiligvoedsel.nl oandacht jaan oan it belang fan feiligens en hygiëne fan iten yn soarchynstellings.
Mei goed iten kin net allinnich foedselfergiftigings foarkaam wurde, mar it helpt neffens de stichting ek by in goed herstel en in noflik ferbliuw foar de pasjinten.