Skippen fêst yn it iis

10 feb 2012 - 19:12

De rêdingsboat fan Lauwerseach hat justernacht in houten fiskersskip út Denemarken holpen, dat troch de iisgong op de Waadsee yn de problemen rekke wie. De fisker woe nei de haven fan Lauwerseach.

De rêdingsboat is foar de fiskersboat útfearn om it iis te brekken en it skip sa nei de haven te bringen, mar al gau waard dúdlik dat der gjin trochkommen oan wie. It fiskersskip is dêrom werom gien nei iepen see.

Letter op de dei moast de rêdingsboat wer útrukke, dizze kear hie in fiskersskip problemen mei de brânstof en siet fêst yn it iis. De rêdingsboat hat it skip nei de haven fan Lauwerseach brocht.

Trefwurden: 
KNRM rêdingsboat iisgong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)