Wâldwei noch oant 9 oere ticht

31 jan 2014 - 17:23

De stremming op de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten duorret nei alle gedachten noch oant en mei njoggen oere freedtejûn. In kantele frachtwein mei feefoer soarget foar in grutte gaos en files. Rykswettersteat wurket op dit stuit oan de dyk.

De frachtwein moat fuort takele wurde, wêrnei't it asfalt hersteld wurde kin. Ek de middenbermbefeiliging hat troch it ûngelok swiere skea oprûn en moat ferfongen wurde. Ferkear fan Ljouwert nei Drachten wurdt omlaat oer It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)