Sel en TBS foar Drachtster

Rjochter mei hammer
In 49-jierrige man út Drachten hat trije jier sel en TBS krigen foar pedofily en it yn besit hawwen fan pornografysk materiaal. De man hat foarich jier july yn Drachten meardere kearen ûntuchtige hannelingen dien by in bern fan 7 jier en hat op in skoalplein yn Drachten syn geslachtsdiel sjen litten. Ek hat de man yn Oerterp twa famkes lêstich fallen.
Nei oanhâlding die bliken dat hy mear as 8 tûzen pornografyske bylden fan bern op syn kompjûter hie.
Omdat de man al faker feroardiele is foar it misbrûken fan bern fynt de Ljouwerter rjochtbank no dat de man ek TBS en dwangferpleging ha moat.