EVT wol oer 3 wike wer farre

De Eigen Veerdienst Terschelling besiket oer trije wiken wer te farrren. Dat sei direkteur Erwin Rob freed op in personielsgearkomste, in dei nei de útspraak dat se trochfarre meie. Minsken dy't boekt hawwe en net farre koene wurde no ek wol kompensearre.
Fearboat De Spathoek leit foar de wâl en moat foar ûnderhâld it dok yn. Mar fanwege it eardere ferbod leine alle aktiviteiten stil. De 21 oandielhâlders fan EVT hawwe freed byinoar west. Sy hawwe besletten dat it ûnderhâld no útfierd wurde moat om sa gau mooglik wer te farren.
It personiel kaam freed byinoar yn de salon fan De Spathoek om de oerwinning te fieren mei direkteur Erwin Rob.