Wâldwei stremd troch ûngelok

Troch in kantele frachtwein mei feefoer is de Wâldwei fan Ljouwert rjochting Drachten stremd foar alle ferkear. Op 'e hichte fan it akwadukt Suderbuorren rekke de frachtwein oer de kop. It foer leit oer de hiele dyk hinne. Ferkear rjochting Drachten moat in oare rûte nimme, bygelyks oer It Hearrenfean.
De plysje skat yn dat de stremming noch oeren duorje kin. In kraan moat alle feefoer opromje.