Friezen tefreden oer Beatrix

Friezen binne tefreden oer hoe't Prinses Beatrix it dien hat as Keninginne. Dat docht bliken út in enkête fan EenVandaag. Goed acht op de tsien fine dat Beatrix har rol as Keninginne goed ynfolle hat. Se hawwe wurdearring foar Beatrix.
Kening Willem-Alexander kriget krekt wat minder positive reaksjes: 78 prosint fan de Friezen fynt dat er it goed docht. Dochs is dat heech, seit Keningshûskenner Bearn Bilker. Doe't Beatrix krekt Keninginne wie yn 1980, krige se folle minder goede kritiken as har soan no.