DNA-spoar liedt nei oanhâlding

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
In 45-jierrige man út Nijmegen is tongersdei oanholden op fertinking fan in ynbraak yn in wente oan it Ruterskertier yn Ljouwert. Dy ynbraak wie al yn oktober 2012. By it ûndersyk fûn de plysje doe DNA fan de ynbrekker.
Lang koenen se de man lykwols net fine, om't syn adres ûnbekend wie. Tongersdeitemiddei waard de man yn Nijmegen kontrolearre troch de plysje en doe die bliken dat er socht waard foar de ynbraak yn Ljouwert. De man is oerbrocht nei Ljouwert en sit noch fêst.