Nij ferbod Vaatstra-deiboek

De rjochtbank yn Assen hat freed op 'e nij de publikaasje ferbean fan it deiboek fan Maaike Terpstra, de mem fan Marianne Vaatstra. Nei publisist Wim Dankbaar woe no Frides Laméris út Súdlaren har deiboek iepenbier meitsje op syn webside. Advokaat Yehudi Moszkowicz fan Marianne har mem seit dat se wanhopich is. Se wol rêst hawwe, seit er.
Laméris hie al in part fan it deiboek op syn webside set. Dat moat der binnen twa dagen ôfhelle wurde fan de rjochter.