Jild foar doarpsfernijing

31 jan 2014 - 12:43
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

De provinsje jout mei-elkoar hast in miljoen euro oan trije werynrjochtingsprojekten yn de gemeente Frjentsjerteradiel. It jild komt út it ynvestearringsbudzjet foar stêdlike fernijing.

Yn Doanjum wurde strjitten renovearre, âlde wenten sloopt en nije huzen boud. Yn Tsjummearum wurdt de drokke, trochgeande dyk oanpakt. Aldereintehûs Nij Bethanië yn it doarp wurdt omboud ta multyfunksjonele akkommodaasje. Dêryn wurdt ûnder oare gearwurke mei de basisskoallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)